Springe nei ynhâld

Constant Joseph Alban

Ut Wikipedy
Alban yn syn atelier (1903), foto fan Sigmund Löw.

Constant Joseph Alban (Rotterdam, 20 jannewaris 1873 - dêre, 6 juny 1944) wie in Nederlânsk etser en keunstskilder.

Alban krige syn oplieding oan de Willem de Kooning Akademy yn Rotterdam. Hy wie learling fan ûnder oaren Jan de Jong en Alexander van Maasdijk. Hy skilderde portretten, stillibbens en lânskippen. Hy wie lid fan de Rotterdamske Keunstnerssosjiteit. Njonken skilder wie Alban meubel- en ynterieurûntwerper. Hy ontwurp meubels foar de fabryk fan H. Pander & Zn. Hy hie in atelier yn de Van den Hoonaardstrjitte 11a, dêr't er ek wenne, en joech dêr ek skilder- en tekenles.