Comes a Time (album)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Comes a Time is it njoggende studio-album fan Neil Young, opnaam yn 1978. It is ek de titel fan de single dy’t fan dit album ôfkomstich is. Op dit album keart Neil Young nei seis en in heal jier werom nei de country- en folkrock fan syn grutste sukses "Harvest". De titelsong is op single útbrocht en wie de earste top 10 hit nei “Harvest”. It wie earst it doel dat it album “Gone with the wind” hjitte soe en der binne noch seldsume eksimplaren mei dy namme der op. Neil Young wie fan doel en meitsje der in solo album fan, mar de platemaatskippij frege him oft er begelieding taheakje woe.

Syn begeliedingsband Crazy Horse spilet mei op de ferskes “Look out for my love” en “Lotta love”. “Human highway” wie skreaun foar Crosby, Stills, Nash, en Young, mar dy hawwe der nea wat mei dien. Op in tal ferskes sjongt Nicolette Larson mei, meastentiids twadde stim en op “Motorcycle mama” dielt sy de earste stim mei Neil Young. It album slút ôf mei “Four strong winds” dat skreaun is troch Ian Tyson. Op sommige ferskes spilet it “Gone with the wind Orchestra” mei, besteande út gitaren en fioelen.

Tracklist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It album bestiet út de folgjende lieten.

  • Goin’ back*****
  • Comes a time*****
  • Look out for my love****
  • Lotta love****
  • Peace of mind****
  • Human highway***
  • Already one*
  • Field of opportunity**
  • Motorcycle Mama**
  • Four strong winds***

De stjerren jouwe de beoardieling oan fan de lieten troch “The Ultimate Music Guide: Neil Young”. Op de hiemside “All Music Guide “ wurde de albums fan in bepaalde artyst beoardiele. Beide beoardielingen rinne fan ien stjer (“striemin” ) oant fiif stjerren (“poerbêst)”. Dit album hat fjouwer en in heale stjer krigen.

Muzikanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Neil Young – sang, gitaar, harmonika
  • Nicolette Larson – sang
  • Frank Sampredo- ritmegitaar
  • Billy Talbot – bas, sang
  • Ralph Molina – drums, sang
  • Tim Mulligan – saksophoan
  • Ben Keith - steel gitaar
  • Carl Himmel – drums
  • Spooner Oldham – piano
  • Rufus Thibodeaux - fioele
  • Joe Osborne – bass
  • Larrie Londin – drums
  • J. J. Cale – elektryske gitaar
  • Farrel Morris - perkusje
  • Tim Drummond – basgitaar
  • Gone With the Wind Orchestra

keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]