Springe nei ynhâld

Oranje luzerneflinter

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Colias croceus)
oranje luzerneflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje wytflinters (Pieridae)
skaai luzernefinters (Colias)
soarte
Colias croceus
Geoffroy, 1785
IUCN-status: net bedrige

De oranje luzerneflinter (Colias croceus) is in soarte yn it skaai fan de luzerneflinters (Colia).

De oranje luzerneflinter is in frij algemiene trekflinter dy't fan maaie oant oktober yn Nederlân wêze kin. Der binne soms jierren dat de flinter rûnom sjoen wurdt, mar it swiertepunt fan de waarnimmings leit yn it suden fan it lân en de kuststreek bylâns.

De wjuklingte is likernôch 22 oant 27 mm. De boppekant fan de wjuk is oranje mei giel. By de mantsjes is de dûnkere achterrâne oan de boppekant troch ljochte ieren trochbrutsen. De wyfkes binne oranje en hawwe oranje stippen yn de donkere efterrâne. De Oranje Luzerneflinter rêstet noait út mei sprate wjukken.

De earste flinters wurde sjoen yn maaie/juny. De neikommende generaasjes wurde sjoen begjin july oant begjin novimber.

De rûp wurdt likernôch 35 mm. It liif is grien, mei in dizige oranje streek der oer.

Oranje Luzerneflinter.