Cloviskultuer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Typyske Clovispunt
Kaart fan Amearika mei fynplakken fan de Clovis-kultuer.

De Cloviskultuer is ferneamd nei it stee Clovis, yn de Amerikaanske steat Nij Meksiko, dêr't de earste resten fan dizze kultuer fûn waarden. It is nei alle gedachten de âldste Amerikaanske lânseigen kultuer, datearre op ûngefear 11.500 f.Kr., en skaaimerke troch langwerpige spearpunten. De dragers fan dizze kultuer wienen jagers op grut wyld.

It hat by de archeologen in tige omstreden kwestje west oft der op it Amerikaanske kontinint al minsken wienen foardat sprake wie fan de Cloviskultuer. Ien rjochting is fan betinken dat de Clovisminsken streekrjochte ôfstammelingen binne fan de earste ymmigranten dy't yn de iistiid de drûchfallen Beringstrjitte fan Aazje nei Amearika oerstutsen (sjoch: Beringlânbrêge) en dêrnei, doe't de Laurentyske Yskap oer Kanada wat tebek begûn te wiken, troch de korridôr tusken dy iiskap en de Rocky Mountains fierder nei it suden lutsen binne. In oare rjochting tinkt dat it Amerikaanske kontinint noch folle earder (tûzenen jierren) al bewenne wie.

In oare striidkwestje is de fraach oft de Clovisminske ek ferantwurdlik west hat foar it útstjerren fan de megafauna, de grutte sûchdieren yn Noard-Amearika, flak nei de lêste iistiid. Yn in koart skoft tiid stoaren doe ûnder oaren de mammoet, de mastodont, de grûnluiaard, it Amerikaanske hynder en de reuzewolf út, sadat de bizon it ienige grutte bist wie dat op de Amerikaanske Grutte Flakten oerbleau. Op it stuit kin de wittenskip noch gjin fêst antwurd jaan op de fraach yn't hoefier dat útstjerren it gefolch wie fan klimaatsferoaringen of dat it kaam troch oerjeie fan de nije predator, de minsk.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Clovis culture fan Wikimedia Commons.