Springe nei ynhâld

Cloosterkamp

Ut Wikipedy

Cloosterkamp is in wenwyk yn it easten fan Drylts. De wyk is boud yn it easten fan de stêd. Cloosterkamp waard boud yn it begjin fan de jierren njoggentich en leit ten suden fan de Sudergoawei dy't yn 1968 oanlein is om in bettere ûntsluting fan Drylts te meitsjen.

Cloosterkamp is in nijbouwyk dy't hast hielendal út frijsteande huzen bestiet en de Iepenbiere Bibleteek fan Drylts stiet yn dizze wyk. Yn dat gebou sit ek it pjutteboartersplak neidat de eardere basisskoalle dy't yn it gebou siet sluten waard. Fierders is der in jeugdhonk, in iisbaan en fierljepskânsen.