Springe nei ynhâld

Cle Elum (rivier)

Ut Wikipedy
It hege part fan de Cle Elum-delling

De rivier de Cle Elum (Ingelsk: Cle Elum River) is in sydrivier fan de Yakima yn de Amerikaanske steat Washington. De rivier is sa'n 45 km lang.

De rivier ûntspringt yn it Cascadeberchtme by Mount Daniel en rint nei it suden troch de mar Hyas om fierderop yn de mar Cle Elum út te kommen. Dy is in natuerlik mar, mar it wetterpeil en de útstream fan de mar wurdt regele troch de Cle Elum Daam, in keardaam fan 50 m heech út 1933. De daam en de mar tsjinje yrrigaasjedoelen en wurde beheard troch it United States Bureau of Reclamation as part fan it Yakima Projekt.[1] Nei de daam rint de Cle Elum fierder nei it suden om út te mûnjen yn de Yakima oan de westkant fan de stêd Cle Elum.

In stasjon fan de Northern Pacific Railway op it lettere stee fan it plak Cle Elum hiet Clealum, neamd nei de Kittitasnamme Tie-el-Lum, dy't 'fluch streamend wetter' betsjut en ferwiisd nei de rivier de Cle Elum. De namme Clealum waard yn 1908 feroare yn Cle Elum en doe waard de riviernamme ek sa stavere.[2]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Yakima Project, United States Bureau of Reclamation.
  2. Cle Elum yn de Washington Place Names database, útjouwer Tacoma Public Library