Clach na Beinne

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sicht fanôf Glen Dye

Clach na Beinne (Ingelsk: Clachnaben) is in 589 meter hege berch yn Glen Dye, Aberdeenshire, Skotlân. It is in karakteristike berch, dy't men sjen kin op ferskate plakken fan de Lower Deeside. De top fan de berch bestiet út in graniten rotsblok. Om de berch te beklimmen kin men fan it parkearplak oan de Cairn O'Mounth (Banchory-Fettercairn) wei, 10 kilometer súdlik fan Banchory ôf, útein sette.