Christoph Dientzenhofer
Appearance
Christoph Dientzenhofer (Tsjechysk Kryštof Dientzenhofer) (St. Margarethen ûnder Brannenburg, Beieren, 7 july 1655 - Praach, 20 juny 1722)[1] wie in foaroansteand Beiersk arsjitekt fan de Súd-Dútske-, Eastenryksk- en Boheemske Barok. Hy kaam út de ferneamde arsjitektefamylje Dientzenhofer en wie de heit fan Kilian Ignaz Dientzenhofer.
Ta syn bekende wurken hearre de Sint-Nikolaastsjerke (1703–11, letter dienmakke troch syn soan), it Brevnovkleaster (1708–21) yn Praach en de Sint-Klaratsjerke yn Eger (Cheb) (1708–11). Guon fan syn wurken binne troch gebrek oan dokumintaasje dreech te identifisearjen.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De St. Nikolaastsjerke yn Praach
-
Sint Klara (Cheb)
-
Súdgevel fan de Sint-Nikolaas yn Malá Strana
-
De Sint-Margareta-basilyk, Praach
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pension Dientzenhofer Home of Christoph, birthplace of Kilian Ignaz Dientzenhofer
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kryštof Dientzenhofer fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |