Chiesa di San Giovanni Battista (Mogno)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Sint-Jehannes de Dopertsjerke

Chiesa di San Giovanni Battista

Botta Mogno.jpg
lokaasje
lân Flag of Switzerland (Pantone).svg Switserlân
kanton Flag of Canton of Tessin.svg Ticino
gemeente Lavizzara-coat of arms.svg Lavizzara
plak Mogno
adres 6696 Mogno, Zwitserland
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1992-1996
boustyl Moderne arsjitektuer

De Sint-Jehannes de Dopertsjerke (Italjaansk: Chiesa di San Giovanni Battista) is in modern roomsk tsjerkegebou yn it lytse berchdoarp Mogno (gemeente Lavizzara) yn it Switserske kanton Ticino. De tsjerke is in ûntwerp fan Mario Botta en waard yn de jierren 1992–1996 boud.

Ynterieur

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't in lawine op 25 april 1986 in part fan it doarp mei de âlde barokke tsjerke út 1636 folslein ferneatige, moast der wer in nije tsjerke boud wurde. Nei in lange faze fan tarieding en in soad diskusje keas it komitee foar de weropbou foar in opfallend projekt troch de plannen fan de bekende arsjitekt Mario Botta út Lugano út te fieren. De tsjerke hat sûnt de foltôging yn 1996 al in soad besikers oanlutsen.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar it elipsfoarmige gebou brûkte de arsjitekt ôfwikseljend moarmer en gneis, itjinge in spektakulêr ljocht-donker effekt feroarsaket.

It ynterieur is rjochthoekich, ramen binne ôfwêzich en alle ljocht komt troch it glêzen dak. Der steane mar in pear banken fan ljocht hout yn de tsjerke en it alter stiet foar in rûnbôgige, profilearre nis, wêr't in krúsifiks boppe hinget. Lofts stiet op in stielen konsole in Madonna en dêrûnder hinget it ljocht moarmeren doopfont. De nis achter it alter jout tagong ta de sakristy, dy't fanwegen de helling ûnder de grûn leit en bûten net te sjen is. Oan de oare kant leit de yngong ûnder in lyts, trepfoarmich akwadukt. As it reint rint it wetter fan it dak en foarmet de wettertrep in wetterfal.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:San Giovanni Battista (Mogno)