Moannegoes
Moannegoes | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
jerk wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Chenonetta jubata | ||||||||||||
John Latham, 1801 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De moannegoes (Chenonetta jubata) is in fûgelsoarte út de famylje einfûgels (Anatidae). Sûnt it útstjerren fan 'e gruttere Nijseelânske moannegoes (Chenonetta finschi) is de moannegoes de iennige soarte yn it skaai moanneguozzen (Chenonetta). Hjoed-de-dei is syn meast besibbe fûgel de ringtsjilling (Callonetta leucophrys). De ein hat in grut ferspriedingsgebiet yn Austraalje en Tasmaanje en der wurdt in soad jage op de ein.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De moannegoes is in middelgrutte ein fan likernôch 45 oant 51 sm lang. Oars as de namme oanjout is de fûgel gjin goes mar in ein. De fûgel liket op in lytse goes. De poaten binne yn ferhâlding lang, de snaffel is koart en de kop is relatyf grut. Jerken en wyfkes binne like grut. Yn 'e regel libbet de ein yn groepen. Yn 'e flecht falle fral de wite fearren fan 'e wjukken op, dy't sterk kontrastearje mei de donkere búk en sturt.
Jerken ha in brune kop mei donkerbrune eagen en in spikkelich, wytswart oant griisswart boarst. Efter op 'e kop ha se in moanneeftige fearren, dy't se ek opsette kinne. De fearren fan it bealchje ha in fyn griis patroan, wylst de rêch, romp, sturt en de búk swartbrún binne. De snaffel is donkergriis. De poaten binne griisbrún. Simmerdeis by it ferfearjen feroaret it mantsje en kriget dan faak de kleuren fan it wyfke. Mooglik dat soks allinne plakfynt as mantsjes suksesfol foar neiteam soarge hat.
Wyfkes ha in ljochtgrize kop en foar de rest is se griisbrún. Under en boppe de eagen binne twa wyteftige streken. It boarst is lykas by it jerkje spikkelich. Op de ûnderkant fan it bealch binne brúne streken.
Jonge fûgels lykje wat kleuren oanbelanget op 'e wyfkes. Se binne byinoar nommen wat bleker en by har is it boarst streke en net spikkelich.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ein libbet yn Austraalje en Tasmaanje en komt dêr yn in grut gebiet foar, útsein de drûge gebieten. As troch rein drûge gebieten feroarje witte se al hiel gau it gebiet te kolonisearjen. Yn gebieten dy't altiten wiet genôch binne trekke se net en neffens ringûnderysk bliuwe de measte moanneguozzen yn in relatyf lytse gebieten omhingjen. De fûgel is somtiden as dwaalgast op it Nijseelânske Sudereilân te sjen.
Iten en nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Moanneguozzen binne monogaam en bliuwe mooglik sels in libben lang by inoar. As it wyfke briedt hinget it jerkje yn 'e buert fan it nêst om en as sy it nêst ferlit om te iten bliuwt it jerkje by it wyfke. Se briede yn holtes fan beammen en suksesfolle pearkes brûke de holtes yn 'e regel op 'e nij foar it folgjende nêst. De briedtiid is sterk ôfhinklik fan 'e geografyske fersprieding fan 'e soarte. In lechsel bestiet út acht oant tolve krêmkleurige aaien, dy't yn in tiidrek fan 28 dagen útbret wurde. Nei it útkommen ferlitte de piken al gau it nêst. Fijannen fan 'e ein binne rôffûgels en katten.
De moannegoes yt planten, lykas gers, sied en krûden. Mei it plantemateriaal nimme se ek ynsekten op. Jonge piken ite fral ynsekten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje moanneguozzen wurdt op sa 500.000 fûgels rûsd. It liket der op dat de populaasje fan Tasmaanje groeit. Yn jierren mei in soad rein kin it oantal ek oer de miljoen gean. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Mähnenente
|