Checkpoint (telefyzjeprogramma)

Ut Wikipedy
Checkpoint yn teäter Haarlim, 2018

Checkpoint is in telefyzjeprogramma foar bern fan 9 oant 12 jier, fan de Evangelyske Omrop. It is in mjuks fan Brainiac, Jackass en Fear Factor foar de jongerein. It programma wurdt presintearre troch Klaas van Kruistum.

Yn it programma wurde tests dien dy't troch de sjoggers ynbrocht wurde kinne. Dy tests wurde lykwols net op wittenskiplik ferantwurde wize dien. Dat it is fral in programma dêr't de meast útienrinnende stunts yn dien wurde.

Programmaopset[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opset fan it programma is sûnt 2009, doe't it foar it earst op it skerm kaam, al ferskate kearen feroare.

De earste twa seizoenen fan Checkpoint bestie eltse ôflevering út trije tests. De twadde test út dy rige wie standert Jongens tsjin Famkes. Yn de test waarden de ferskillen tusken jongens en fammen ûnder de loep naam en waard sjoen at manlju as froulju yn beskate saken as in funksje better wienen. De oare twa tests wienen de ôflevering ferskillend en dêryn gie it fral om produkten.

Fan it tredde seizoen ôf, dat wie maitiid 2010, waard de opset feroare. It tal proeven yn in ôflevering waard yn seizoen 3 omheech broch nei fjouwer as fiif. Teffens kamen der rubriken dy't hieltyd weromkamen, ien hie altyd in priisfraach. Dêrnei waard dy opset standert (útsein in pear ôfleverings); de ienige wiziging wie dat it tal ûndierdelen de ôflevering fanôf it seizoen dêrnei standert fjouwer waard. In ôflevering wie meast út de folgjende dielen opboud (folchoarder koe ferskille):

  • priisfraach
  • Jongens tsjin Famkes
  • rubryk dy't hieltid weromkomt
  • wikseljende test

Besetting testteam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vincent Meijering
Lid 1 2 3 4 5 6
Tom Berserik x x x x
Myrthe Busch x x x
Ghino Girbaran x x x x x x
Jasper van den Hoven x
Romy Krommert x x x
Dzifa Kusenuh x x
Rick Mackenbach x x x x
Vincent Meijering x x
Luara Prins x x x x
Pascal Tan x x
Ghislaine Tanamal x x x x
Dico Verschure x x x x x x
Arjan de Vreugt x x x x x
Totaal besettingstal 6 6 8 8 9 9

Súkses[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Checkpoint is in grut súkses. It is tige populêr en yn de perioade dat it programma rint, binne de sjochsifers fan de útstjoeringen op sneontemoarm oprûn oant boppe de 150.000 sjoggers de útstjoering (madl tsjin 20%). Dat betsjut dat it faak it bêst besjoene programma fan Nederlân 3 west hat fan de hiele sneon. Ek de eveneminten dy't om it programma hinne organisearre wurde, sa as de alle jierren weromkommende Checkpoint heit/soan-dei falle yn de smaak en wurde goed besocht.

Yn 2011 is it programma bekroane mei de Cinekid Bernekastpriis yn de kategory non-fiksje. 2012 waard it programma nominearre foar de prestizjeuze Prix de Jeunesse International en wûn dêr de bernesjurypriis.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Status
2011 Cinekid Kinderkast Non-fictie (publykspriis) Wûn
2012 Prix de Jeunesse International Wûn

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]