Charles Clerke
Appearance
Charles Clerke (Wethersfield, 22 augustus 1741 – op see ûnder Kamtsjatka, 22 augustus 1779) wie in ofsier fan de Royal Navy en ûntdekkingsreizger. Hy die mei oan fjouwer ûntdekkingsreizen, wêrfan trije mei kaptein James Cook. Doe't Cook fermoarde waard op syn tredde reis nei de Stille Oseaan naam kaptein Clerke it kommando oer, mar stoar letter op deselde reis oan tuberkuloaze.