Cerisy-la-Forêt
| Cerisy-la-Forêt | ||
| Abdijtsjerke | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | Normandje | |
| Departemint | Manche | |
| Arrondissemint | Saint-Lô | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 1.004 (2023)[1] | |
| Oerflak | 23,81 km² | |
| Befolkingsticht. | 42 ynw./km² | |
| Hichte | 34-131 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 50680 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Koördinaten | 49° 11' N 0° 56' W | |
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Kaart fan 'e gemeente. | ||
Cerisy-la-Forêt is in plak en gemeente yn it Frânske departemint Manche (regio Normandje). It doarp makket diel út fan it arrondissemint Saint-Lô. Bayeux leit 18 kilometer noardeastlik, Saint-Lô, prefektuer fan it departemint, 14 km súdwestlik en Caen 42 km eastlik.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ierste fermelding fan Cerisy-la-Forêt stamt út 'e 6e iuw, yn 'e tiid doe't Vigorus, de lettere biskop fan Bayeux, it gebiet kerstene. De evangelist krige fan 'e lokale hear fiifentwintich doarpen om him te tankjen foar de ferlossing fan "in heislike slang dy't minsken en bisten fermoarde". Vigorus stifte in oan Petrus en Paulus wijd kleaster op it plak wat earder foar druïden in hillich plak wie. Yn 'e 9e iuw waard it gebiet troch Wytsings oerfallen. Hja plonderen yn 891 Bayeux en it kleaster waard ferneatige.
Kening Karel III joech Rollo it gebiet, dêr't letter Normandje út ûnstie en Cerisy waard in wichtich plak. Rollo joech ek opdracht ta de bou fan in abdij, dêr't tsientallen parochy's en acht priorijen ûnder foelen, wêrûnder twa yn Ingelân (Sherborne en Peterborough). De abdij waard yn 'e Frânske Revolúsje opheft.
Untwikkeling ynwennertal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ûntwikkeling fan it ynwennertal is as folget:
| 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2006 | 2012 | 2018 |
| 1.103 | 1.051 | 923 | 941 | 784 | 839 | 900 | 936 | 1031 |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De romaanske abdijtsjerke en de goatyske Sint-Gerebolduskapel op it eardere abdijgebiet.
- Twa châteaux: it Château de La Boulaye út 'e 18e-20e iuw en it Château de La Couespellière út 'e 16e-19e iuw. Beide kastieltsjes hawwe in oan Us-Leaffrou wijde kapel.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sint-Gerebolduskapel
- Moulin des rondelles
- Château de La Boulaye
- Château de La Couespellière
- Us-Leaffrouwekapel Château de La Boulaye
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
