Springe nei ynhâld

Cecilia (liet fan Simon & Garfunkel)

Ut Wikipedy
Cecilia
algemiene ynformaasje
B-kantThe Only Living Boy in New York
artystSimon & Garfunkel
albumBridge over Troubled Water
taalIngelsk
sjenreFolk
útbrocht20 april 1970
opnommenColumbia Studio's B and E,
1969
doer2:54
labelColumbia
skriuwerPaul Simon
produsintRoy Halee,
Art Garfunkel,
Paul Simon
resultaten
hitlistenflagge fan Nederlân Top 40 - 2,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 1,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 3
sertifisearre Grut-Brittanje sulver,
Feriene Steaten goud
tal covers12

Cecilia is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Simon & Garfunkel yn 1969 yn de Columbia Studio's B and E yn Los Angeles en útbrocht op it album Bridge over Troubled Water fan Simon & Garfunkel út 1970. Cecilia wie it tredde nûmer op it album en waard op 20 april 1970 útbrocht as tredde single fan it album.

Cecilia waard skreaun troch Paul Simon, en ûntstie nei in feest dêr't Simon en Art Garfunkel oanwêzich west hiene. De rigel makking love in the afternoon wie ien fan de meast eksplisite teksten dy 't Simon oant dan ta skreaun hie. De tekst fan it nûmer giet oer in man waans beminde him sawol eangst as gejubel jout; sa leit der in oare man njonken syn leafste op bêd wylst er syn gesicht oan it waskjen is.