Casting couch
De casting couch is in fan oarsprong Ingelske sprektaalterm, oerwaaid út 'e Feriene Steaten, wêrmei't it easkjen fan seksuële geunsten yn ruil foar it tawizen fan wurk mei bedoeld wurdt.
De term komt út 'e filmyndustry: "casting" is it beoardieljen fan audysjes fan akteurs (yn dit gefal yn 'e regel aktrises) foar in beskate rol; en in "couch" is Ingelsk foar in "(sit)bank". De casting couch soe sadwaande oerset wurde kinne as de "audysjesofa". Hoewol't der dus oarspronklik it ôftwingen fan ûnwinske yntimiteiten ûnder it audysje dwaan foar in rol yn in film of tillefyzjeprogramma mei bedoeld waard, wurdt de term tsjintwurdich brûkt foar alle lyksoartige sitewaasjes wêrby't in sollisitant(e) ûnder druk set wurdt troch dejinge(n) dy't it sollisitaasjepetear ôfnimme om dieden fan in direkt of yndirekt seksueel aard te ferrjochtsjen as betingst foar it tawiisd krijen fan wurk. Dêrby leit fansels yn 'e omstannichheden besletten dat alle macht yn dizze ferhâlding leit by dejinge(n) dy't it sollisitaasjepetear ôfnimme, sadat it bêst foarkomme kin dat de sollisitant(e) dochs it wurk net kriget ek al docht er/sy alles dat fan him/har easke wurdt.
De casting couch moat net betize wurde mei it dwaan fan audysjes yn 'e pornoyndustry, dêr't oan beskate fersiken fan in seksueel aard oan aspirant-aktrises net te ûntkommen is en dêr't soks sels mei rjocht en reden fereaske wurde kin. Dêrby moat dan wer oantekene wurde dat der in hiel subsjenre fan pornografyske films is dat basearre is op it casting couch-tema, al is it dêrby fansels allegear yn sêne set.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Bibliography en Further reading, op dizze side. |