Yn 2006 die Scerbo mei súkses audiïnsje foar de Music Girl Group Slumber Party Girls. Scerbo waard keazen as ien fan 'e fiif leden út mear as 1.000 gadingmakkers. Yn septimber2006 presintearre de groep de muzyk-searje Dance Revolution dy't sûne fieding en fitness foar bern befoardere. De oarspronklike lieten fan Slumber Party Girls oerhearsken sterk yn 'e searje. Harren debútalbum Dance Revolution waard gjin súkses. De searje waard net ferlinge foar in twadde seizoen. Doe't de Slumber Party Girls mids 2007 oan harren twadde album wurke, waard bekendmakke dat de groep útinoar gien wie. Yn datselde jier tekene Scerbo in kontrakt as solo-artyste by Geffen Records.