Springe nei ynhâld

Caspar Franssen

Ut Wikipedy

Caspar Jacobus Hendricus Franssen (Tegelen, 6 juny 1860 - Roermond, 2 jannewaris 1932) wie in Nederlânsk arsjitekt dy't it meast bekend waard fan syn katolike tsjerkegebouwen, wêr't er goed 50 fan ûntwurp.

Tsjerke yn Neer, Limburch

Franssen wie in learling fan P.J.H. Cuypers; fan 1883 oant 1888 wurke er foar him. Yn 1888 festige Franssen him yn Tegelen as selsstannich arsjitekt. Yn 1892 ferhuze er nei Roermond. Ynearsten ûntwurp er yn fan Cuypers beynfloede neogoatyske styl. Yn 1897 paste er foar it earst ek de neoromaanske styl ta. De measte fan syn tsjerken waarden boud yn de bisdommen Roermond en De Bosk. Neist tsjerken hat er ek skoallen, kleasters en oare gebouwen ûntwurpen en restaurearre. Nei syn ferstjerren yn 1932 waard syn kantoar fuortset troch syn soan Joseph Franssen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]