Carrie ten Napel

Ut Wikipedy

Catharina Eline (Carrie) ten Napel (10 febrewaris 1980) is in Nederlânsk sportsjoernaliste en presintatrise. Hja is in dochter fan telefyzjekommentator Evert ten Napel.

Carrie ten Napel gie nei de skoallemienskip RSG Slingerbos yn Hurderwyk en die dêrnei in oplieding toerisme foardat hja op de sportredaksje fan RTV Oost kaam te wurkjen. Fjouwer jier dêrnei presintearre se dêr Sport op Maandag en letter seis jier it deistige programma En Dan Nog Even Dit.[1] Foar TV Gelderland presintearre se Clubgenoten en tegearre mei har heit Sparren. Foar Tien, letter RTL 4, die hja by it programma De Wedstrijden ynterviews. Sûnt de simmer fan 2013 wie hja yn tsjinst by Fox Nederland dêr 't hja ien fan de fêste presintators fan it deistige programma FOX Sport Centraal wie. Nei ien seizoen ferdwûn dit programma. Yn de hjerst fan 2014 stapte Ten Napel oer nei Omrop MAX om dêr it programma Hallo Nederland te presintearjen yn de mande mei Jeroen Latijnhouwers.

Yn de simmer fan 2018 presintearre hja it NPO-programma Skûtsje Journaal, in gearwurking fan Omrop Fryslân, de SKS en Omrop Max.[2] Op 9 septimber 2018 makke Ten Napel har debút op NPO Radio 1 as (mei)presintator fan De Perstribune. Ek is hja te sjen yn it programma Droomhuis gezocht.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: