Caroline van der Plas
Caroline van der Plas | ||
politikus | ||
echte namme | Carolina Ann Maria van der Plas | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 6 juny 1967 | |
berteplak | Cuijck | |
partij | BoerBoargerBeweging | |
lid Twadde Keamer | ||
amtsperioade | 2021 - 2025 |
Carolina Ann Maria van der Plas (Cuijck, 6 juny 1967) is in Nederlânske politikus en ien fan de oprjochters fan de BoerBoargerBeweging (BBB). Yn 2021 wie hja listlûker fan de BBB en is hja keazen ta lid fan de Twadde Keamer.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik wie Van der Plas sjoernalist foar û.o. de útjouwerij Reed Business, dêr't hja skreau foar in blêd oer de fleisyndustry,[1] Hja wie ek redakteur foar Pig Business en Pluimveeweb by Agrio.Fierder wurke hja as kommunikaasjewurdfierder foar LTO Noard en it Nederlânske Fakbûn Bargehâlders (NVV).
Van der Plas wie lid fan it CDA, mar nei de Provinsjale Steateferkiezings fan 2019 sei hja it lidmaatskip fan de partij op. Hja fûn dat it CDA net genôch foar de agraryske sektor opkaam.[2][3][4]
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Caroline van der Plas is in dochter fan Wil van der Plas (1937-2014), sportsjoernalist by it Dimter Deiblêd, en Nuala Fitzpatrick, riedslid en wethâlder (tusken 1986-1994) foar it CDA yn Dimter. Hja is mem fan twa soannen en yn 2019 waard hja widdofrou.[5]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|