Caro van Eyck
Caro van Eyck, skûlnamme fan Gerarda Jacoba Everdina Taytelbaum (Batavia, 27 novimber 1915 - Amstelfean, 15 septimber 1979) wie in Nederlânsk aktrise.
Op har 14e ferliet de húshâlding Taytelbaum Batavia; heit krige wurk yn Nederlân. Caro studearre ynearsten rjochten en wie fan 1936 ôf oan by it toaniel belutsen. Sa spile se de haadrol yn La machine infernale fan Jean Cocteau by it studintetoaniel. Har beropskarriêre begûn by it Hofstadtoneel. Dêrnei spile se ûnder mear mei it Residentie Toneel, it Amsterdamsk Toanielselskip, it Rotterdamsk Toanielselskip en de toanielgroep Theater en Ensemble. Teffens hat se in stikmannich jierren ferhalen, dy't hja sels skreau, foardroegen.
Yn 1959 ûntfong Van Eyck de Theo Mann-Bouwmeesterring út hannen fan Jan Musch en yn 1979 krige se de Theo d'Or. Dy lêste wie foar har rol as Forsia Dorsey yn Coburn syn Een gelukkige hand. "Ik heb tenminste afscheid genomen met een mooie rol", fertelde Caro van Eyck krekt foar har dea oan har freon de skriuwer Simon Carmiggelt. Yn 1965 waard se teffens beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Van Eyck wie troud mei de akteur Paul Steenbergen en letter mei produsint Hans Boekman. Neist har toanielwurk spile hja ek yn ferskate tillefyzjerigen, ûnder oaren yn: De Stille Kracht (1974), De kleine waarheid (1971), De Kleine zielen (1969), Van oude mensen, de dingen die voorbijgaan (1975) en Ritmeester Buat (1968).
Tillefyzje en film
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1955 - Secret File, U.S.A. (Tf-rige)
- 1964 - Maigret (TV serie) - Frou Serrée
- 1965 - Dit is het einde (Tf-film) - Eks-frou fan Jan
- 1967 - Roverssymfonie (Tf-film)
- 1968 - De geweren van vrouw Carrar (Tf-film)
- 1968 - Portret van een madonna (Tf-film)
- 1968 - Ritmeester Buat (Tf-rige) - Widdo Musch
- 1969 - De kleine zielen (Tf-rige)
- 1970 - 't Schaep Met De 5 Pooten (Tf-rige) - Frou Irma Bastiaanse
- 1971-1972 - De kleine waarheid (Tf-rige) - Frou Scalonje
- 1974 - De stille Kracht (Tf-rige) - De raden-ajoe pangéran
- 1975 - Het testament van Edgar Allan Poe (TF)
- 1975 - Amsterdam 700 (TF) - Rosalie
- 1975-1976 Van oude mensen, de dingen die voorbij gaan (Tf-rige) - Frou Dercksz
- 1976 - Uit de wereld van Guy de Maupassant (Tf-rige) - Frou Brument
- 1979 - Erik of het klein insektenboek (TF) - Beppe
Toaniel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch: Caro van Eyck yn de Nederlânsktalige Wikipedy
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Caro van Eyck yn de Internet Movie Database
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Caro van Eyck fan Wikimedia Commons. |