Carl von Basedow

Ut Wikipedy
Carl Adolph von Basedow

Carl Adolph von Basedow of Karl Adolf von Basedow (Dessau, 28 maart 1799Merseburg, 11 april 1854) wie in Dútske arts dy't benammen ferneamd waard fan syn beskriuwing fan wat letter de sykte fan Basedow of sykte fan Graves neamd wurde soe.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Von Basedow studearre genêskunde oan de universiteit van Halle. Hy promovearre yn 1821 by Johann Friedrich Meckel de Jongere op in proefskrift oer in nije amputaasjemetoade fan de skinkel (Commentationes in novam amputationis cruris panniculatae encheiresin). Fan 1821 oant 1822 rûn er staazje yn de Paryske Charité by Émile Roux, Guillaume Dupuytren en Boyer.
Yn 1822 boaske Basedow oan Friederike Louise Scheuffelhuth. Sy krigen trije dochters en in soan; harren jongste dochter stoar doe't se seis moannen wie. Yn 1822 festige er him as hûsdokter en sjirurch yn Merseburg yn Saksen-Anhalt. Letter krige er dêr de funksje fan distriktsdokter (Kreisphysikus) en wie er bot ynteressearre yn eachoandwaningen.

Yn 1840 bekreau er deselde oandwaning as dy't Robert James Graves in pear jier earder beskreaun hie. Von Basedow beskreau yn syn artikel de meast wichtige symptomen fan de sykte yn de saneamde trias van Mersenburg: útprotsjende eagen, struma en in te flugge hertslach. Fierder stelde er fêst dat de pasjint faak fermeagere wie, nettsjinsteande dy wol mear as gewoan sin oan iten hie, as gefolch fan in te sterk wurkjende skyldklier.[1] Acht jier dêrnei publisearre Von Basedow syn befiningen ûnder it patologysk ûndersyk by in pasjint mei Glotzaugen. Hy neamde dêrby ûnder oaren it opsetten fan de eachspieren en it fetweefsel yn de eachkas. Dat feroarsake de pûdeagen.

Yn 1838 waard er troch de Prusyske kening yn 'e adelstân ferheft.

Carl von Basedow stoar yn de âldens fan 55 jier oan in septyske ynfeksje mei plaktyfus, dy't er skipe hie by in lykskôging.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten:

  1. Basedow: Exophthalmus durch Hypertrophie des Zellgewebes in der Augenhöhle. Yn: Wochenschrift der gesammten Heilkunde. Band 6, 1840, s. 197–204 en 220–228