Cam (rivier)
De Cam is in rivier yn Ingelân, dy't besuden de stêd Ely yn de Grutte Ouse útmûnet (Pope's Corner) en sadwaande op it Ingelske kanaalnetwurk oansletten is. De totale ôfstân fan Cambridge nei de Noardsee is sa'n 64 km.
Lykas in protte rivieren wurdt de Cam ek in protte brûkt foar rekreaasje en ferdivedaasje, sa as angelfiskje, swimme, roeie en oare foarmen fan plezierfeart.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ferline hjitte de rivier Granta, neamd nei de angelsaksyske stêd Grantebrycge, it Cambridge fan hjoeddendei. Doe't de stêd omneamd waard krige de rivier ek in nije namme, in namme dy't by dy fan de stêd paste. Ien fan de twa sydrivieren fan de Cam hat noch altyd de namme Granta, de oare is de Rhee.
Oerstreamings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Cam is gewoanwei in rivier dy't yn syn bêd bliuwt, mar út en troch is der in oerstreaming. De meast resinte serieuze oerstreamings wiene yn febrewaris en oktober 2001.[1] Yn febrewaris 2009 wie der ek in slimme oerstreaming.
De Environment Agency is oars ferantwurdlik foar it behear fan de hiele rivier.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skiednis en rin ((in) )
- Conservators of the River Cam ((in) )
- Trinity Bootslub ((in) )
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory River Cam fan Wikimedia Commons. |