Bynwurd

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Bynwurden binne in wurdsoarte. De neikommende wurden kinne ta de bynwurden rekkene wurde: en, as, of, dat, om, oft, meidat, wannear't, sawol, noch. By de wurdsoarte hearre twa ûnderskate kategoryen: lykskikkende en ûnderskikkende bynwurden.'

Lykskikkende bynwurden[bewurkje seksje | edit source]

De meast brûkte lykskikkende bynwurden binne:

  • en: skeakelet de saken neutraal efterinoar;
  • mar: bringt in tsjinstelling oan;
  • of: jout in kar út mear mooglikheden oan;
  • want: jout in beskate reden om;
  • noch: keppelet en ûntkent;
  • dat, dus: jouwe in gefolch oan.

Fan dy bynwurden kinne want, dat en dus allinnich tusken sinnen! De oare fjouwer kinne sawol tusken sinnen as tusken wurden/wurdgroepen.

Underskikkende bynwurden[bewurkje seksje | edit source]

  • dat: makket in part fan de sin befêstigjend;
  • as: by ferliking, betingst as tiidoantsjutting;
  • oft: by freegjende sinnen en twiveljende/ferûnderstellende sinnen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikiwurdboek Wikiwurdboek: bynwurd – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika