Buygersstate
De Buygersstate of Tabebuorren wie in state súdeast fan Lekkum, gemeente Ljouwert.
Wannear't dizze state boud waard is net bekend, fan de state is neat werom te finen. Súdeast fan Lekkum lei destiids de terp Tabebuorren, ferneamd nei Tabe de Vries. Noch earder stie dizze terp bekend as Buygers, sa neamd nei it bûten fan it Ljouwerter patrysjerslaach Buygers. In lid fan dizze famylje wie yn de earste helte fan de 16e iuw grytman fan Ljouwerteradiel.
Neffens it "Recesboek" fan Ljouwerteradiel keapje Piter Buygers, grytman fan Wymbritseradiel, en syn frou Yd op 24 jannewaris 1578 in sate yn Lekkum yn it stjerhûs fan Fan Andringha foar 1100 goudgûnen. Neffens it stimkohier fan 1640 is yn dat jier eigener jonkhear Wiglius Buigers en de brûker is Sybout Ruyerts. Yn 1700 is neffens it Floreenkohier eigener “de Ed. Heer Frans van Eminga” en der heart dan 92,5 pûnsmiet lân by.
Yn 1832 is it eigendom fan Tiete Hessels van der Tjoeg, in lânbouwer dy't yn Jelsum wennet en de pleats dus ferpachte hawwe sil. Der heart dan (folle) minder lân by de state, want grutte stikken fan de eardere lannen binne no eigendom fan Tiete Solkes Tromp, “Vicepresident bij de Rechtbank” en eigener/bewenner fan it tichtbylizzende Ieburch.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- oant 1578 Van Andringha
- 1578 Piter Buygers
- 1640 Wiglius Buigers
- 1700 Frans fan Eminga
- 1832 Tiete Hessels van der Tjoeg
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|