Buckeye (Arizona)
Buckeye is in stêd yn de Amerikaanske county Maricopa yn de steat Arizona. It is de meast westlike foarstêd fan Phoenix en hie yn 2010 krapoan 51.000 ynwenners.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Buckey leit sa'n 48 kilometer bewesten it sintrum fan Phoenix en beslacht in oerflak fan 377.6 km².
Buerten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âlde kearn fan Buckeye leit om Monroe Avenue, de haadstrjitte fan it plak, hinne. Der binne op dit stuit 30 nije buerten yn oanbou, wêrfan't der al in pear bewenne binne: Riata West, Sundance, Verrado, Westpark, Tartesso en Festival Ranch.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Buckeye hat neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen in waarm woastynklimaat mei in protte sinneskyn. De simmers binne tige waarm en drûch mei gemiddelde maksimumtemperatueren fan boppe de 40 °C en inkeld sels temperatueren fan boppe de 50 °C. Yn de wintermoannen is it oerdeis mei 20 oant 25 °C ek waarm, mar yn de nachten leit de temperatuer dan meastentiids om it friespunt hinne. Snie hat der lykwols net west yn de perioade 1971 oant 2000.