Tjallema

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bruorren Tjallema)
Speurder nû 21

Bruorren Tjallema wie in fervefabryk yn Snits dy't benammen selsdoggerferven produsearre.

It bedriuw starte yn 1904 yn Boazum by Snits, dêr't ferver Ruurd Tjallema in fervefabrykje begûn. Hoewol't eltse skilder doe noch syn eigen ferve makke, fûn hy it ferve meitsjen en ferkeapjen lukrativer. Syn earste krêftboarne wie in piteroaljemotor.

Yn 1914 ferhuze it fabryk nei Snits, en yn 1923 naam Ruurd it fervefabryk fan Jan Houwing oer. Oarspronklik waarden skipsferven en bûtenferven makke, dy lêste foar boeren. Dêr dienen de feinten alderlei skilderswurk, bygelyks oan boereweinen dy't yn elk doarp in spesifike kleur hienen. Tjallema levere dy kleuren en lei sadwaande de basis foar de selsdoggermerk. Dat resultearre yn in hurder drûgjende ferve ûnder de merknamme Speurder, nei de hûn fan Gerrit Tjallema.

Yn 1947 waard ferhuze nei de Toppenhústerwei yn Snits, wêr't in leechsteand pân fan Noury & Van der Lande belutsen waard. Neidat it bedriuw yn 1954 oernomd wie troch Sikkens waard yn 1955 it merk Flexa ynfierd. Yn dy snuorje begûnen in soad skilders mei in fervewinkel, en it assortimint spile dêrop yn. Doch-it-selzers makken bytiden sels noch poeierferve oan, en it Bredaaske fabrykje Wenzo waard omtrint 1955 opkocht om dit te produsearjen. Wenzo waard al gau wer sluten.

Letter is ek it Tjallema bedriuw yn Snits sluten.