Bruorren Marx

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Chico, Harpo, Groucho en Zeppo

De Bruorren Marx wienen Amerikaanske bruorren dy't muzyk en letter ek komedy makken.

Oarspronklik wie it in famyljegroep, mei mem en muoike, mar as De Bruorren Marx wienen it allinnich fjouwer bruorren. Der hawwe lykwols fiif bruorren oan mei dien, om't njonken Groucho, Chico en Harpo ien fan harren jongere bruorren meidie. Oarspronklik wie dy lêste Gummmo, mar doe't dy yn it leger gie waard syn plak oernaam troch Zeppo. Doe't de groep ferneamd waarden en films makken, wie dat mei dy fjouwer bruorren. De rolferdieling tusken de bruorren wie doe sa dat de âldste trije bruorren elts in eigen persona hienen, wylst Zeppo de rjochte man wie. Foar de films paste dat lykwols minder, dat Zeppo keas foar in nij wurkpaad yn de technyk, dêr't er úteinlik miljonêr mei wurden is. De oare trije buorren gongen fierder mei de films, oant 1949. Nei dy tiid begûn Groucho by de tillevysje.

De nammen fan de bruorren wienen net oannaam foar de sjo; it wienen de bynammen dy't brûkt waarden yn it Marx-húshâlden. Wylst de bruorren fier ferskilden yn harren rollen, wie der yn dúdlike famyljelikenis. Dan gong sa fier dat hja elkoar yn harren rollen ferfange koenen.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Film Jier Groucho Chico Harpo Zeppo
Humor Risk 1921 Boef De Italjaan Watson, detektive The Love Interest
Too Many Kisses 1925 The Village Peter Pan
The Cocoanuts 1929 Mr. Hammer Chico Harpo Jamison
Animal Crackers 1930 Kaptein Geoffrey T. Spaulding Signor Emmanuel Ravelli De professor Horatio Jamison
The House That Shadows Built 1931 geast fan Caesar Tomalio De keapman fan Weiners Sammy Brown
Monkey Business 1931 Groucho Chico Harpo Zeppo
Horse Feathers 1932 Professor Quincy Adams Wagstaff Baravelli Pinky Frank Wagstaff
Duck Soup 1933 Rufus T. Firefly Chicolini Pinky Luit. Bob Roland
A Night at the Opera 1935 Otis B. Driftwood Fiorello Tomasso
A Day at the Races 1937 Dr. Hugo Z. Hackenbush Tony Stuffy
Room Service 1938 Gordon Miller Harry Binelli Faker Englund
At the Circus 1939 J. Cheever Loophole Antonio Pirelli Punchy
Go West 1940 S. Quentin Quale Joe Panello Rusty Panello
The Big Store 1941 Wolf J. Flywheel Ravelli Wacky
Stage Door Canteen 1943 Harpo
A Night in Casablanca 1946 Ronald Kornblow Corbaccio Rusty
Copacabana 1947 Lionel Q. Devereaux
Love Happy 1949 Sam Grunion Faustino de Grutte Harpo
Mr. Music 1951 Himsels
Double Dynamite 1951 Emile J. Keck
A Girl in Every Port 1952 Benjamin Franklin 'Benny' Linn
Will Success Spoil Rock Hunter? 1957 George Schmidlap
The Story of Mankind 1957 Peter Minuit Muonts Sir Isaac Newton
The Incredible Jewel Robbery 1959 Fertochte op plysjeburo Nick Harry
The Mikado 1960 Ko-Ko
Skidoo 1968 God

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]