Springe nei ynhâld

Bridge over Troubled Water (liet)

Ut Wikipedy
Bridge over Troubled Water
algemiene ynformaasje
B-kantKeep the Customer Satisfied
artystSimon & Garfunkel
albumBridge over Troubled Water
taalIngelsk
sjenreFolk
útbrocht20 jannewaris 1970
opnommenColumbia Studio's B and E,
1969
doer4:55
labelColumbia
skriuwerPaul Simon
produsintRoy Halee,
Art Garfunkel,
Paul Simon
resultaten
hitlistenflagge fan Nederlân Top 40 - 5,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 5,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 23
prizen4 Grammy's (1971)
sertifisearre Grut-Brittanje platina,
Feriene Steaten Goud
tal covers9

Bridge over Troubled Water is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Simon & Garfunkel yn 1969 yn de Columbia Studio's B and E yn Los Angeles en útbrocht op it album mei deselde namme fan Simon & Garfunkel út 1970. Bridge over Troubled Water wie it earste nûmer op it album en waard op 20 jannewaris 1970 útbrocht as twadde single fan it album.

Bridge over Troubled Water waard skreaun troch Paul Simon. De tekst wie ûntliend oan it liet Mary Don 't You Weep fan Swan Silverstones en dan benammen de sin I'll be your bridge over deep water if you trust in me. De opnamen woene net echt flotte troch gesoademiter tusken Garfunkel en Simon. De earste twa pogingen faalden en toetsenist Larry Knechtel wie fjouwer dagen dwaande mei it arranzjemint. It die bliken dat alle pogingen net om 'e nocht west hiene, út de ferskate prizen dy't hja mei it liet wûn.