Springe nei ynhâld

Breklum

Ut Wikipedy
Breklum / Brääklem
Lokaasje fan 'e gemeente Breklum (read) yn Noard-Fryslân.
Lokaasje fan 'e gemeente Breklum (read) yn Noard-Fryslân.
Symboalen
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisNoard-Fryslân
AmtMittleres Nordfriesland
Sifers
Ynwennertal2.357 (31.12.2024)[1]
Oerflak10,07 km²
Befolkingsticht.234 ynw./km²
Hichte7 m
Oar
Stifting1.231 (foar it earst neamd), 1867 (as gemeente)
Postkoade25821
Offisjele webside
breklum.de
Kaart
Breklum (Sleeswyk-Holstein)
Breklum

Breklum (Noardfrysk: Brääklem) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Mittleres Nordfriesland en hat 2.357 ynwenners (2024).

De earste spoaren fan bewenning stamme út de jonge stientiid (ca. 4300–2300 f.Kr.). Der binne delsettingsresten en hunebêden fûn, dy't wize op in gruttere delsetting yn it gebiet fan it hjoeddeiske Breklum. Ek waarden ierdewurk-skerven en fjoerstiennen dolken fûn. Sûnt dy tiid is de bewenning troch de tiid hinne te folgjen: grêfheuvels en oare fynsten út de brûnstiid (± 2300–550 f.Kr.), urnefjilden út de izertiid (± 550 f.Kr.–400 n.Kr.) en spoaren fan bewenning út de tiid fan 'e Wytsingen] (800–1100 n.Kr.).

Sint-Olaftsjerke.

De tsjerke fan Breklum, dy't nei alle gedachten wijd wie oan 'e hillige Olaf, waard om 1200 hinne boud. It mitselwurk, dat foar in part út grutte fjildstiennen bestiet, wiist derop dat de tsjerke in wartsjerke west hat, dêr't de bewenners út de omkriten by oerfallen skûlje koene. Fan it midsiuwske ynterieur binne trije wurken bewarre bleaun: in triomfkrús (om 1400 hinne), in alterkrús (1420–30) en in 133 sm heech ikehouten byld fan 'e hillige Olaf (om 1430 hinne), dat mooglik yn Nedersaksen (Bremen?) makke waard.

Breklum wie in karspel en de tsjerke foarme yn 'e Noardergoesharde in sintrum foar de bewenners fan dy gritenij. Yn 'e 14e iuw waarden de gemeenten Bordelum en Drelsdorf, dy't oant doe ta by it karspel hearden, selsstannich. Oant 1530 hearde ek Bredstedt by it karspel Breklum.

Christan Jensen Kolleezje.

Yn 1876 stifte de Breklumer dûmny Christian Jensen (1839–1900) it missyselskip foar Sleeswyk-Holstein (hjoed-de-dei: Zentrum für Mission und Ökumene – Nordkirche weltweit). It sintrum liedt hjoed-de-dei gjin misjonarissen mear op, mar stipet troch beurzen wol tydlik ferbliuw yn it bûtenlân foar frijwilligers yn it tsjerklik wurk. Dêrnjonken tsjinnet it sintrum as in netwurk foar tsjerklike en oekumenyske ynstellingen en net-gûvernemintele organisaasjes (NGO's) yn Afrika, Aazje, Jeropa, Amearika en it Pasifyske gebiet.

Yn syn hjoeddeiske omfang ûntstie de plattelânsgemeente Breklum op 1 desimber 1934 troch it gearfoegjen fan 'e doarpsmienskippen Riddorf, Breklum, Borsbüll en it noardlike part fan 'e Breklumerkoog.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje