Springe nei ynhâld

Brazyljaanske seachbek

Ut Wikipedy
Brazyljaanske seachbek
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Ansariformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai seachbekken (Mergus)
soarte
Mergus octosetaceus
Vieillot, 1817
IUCN-status: krityk
ferspriedingsgebiet

De Brazyljaanske seachbek (Mergus octosetaceus) is in earstich bedrige Súd-Amerikaanske dûkein út it skaai seachbekken (Mergus). It is mei mooglik 50 oant 250 fûgels yn it wyld ien fan 'e meast bedrige soarten wetterfûgels fan 'e wrâld. Yn Brazylje wurdt in lyts tal fan 'e soarte yn finzenskip holden. De fûgel hat in lange, skerpe snaffel mei in toskeftige râne.

De fûgel is in donkere, slanke ein mei in glânzgjende donkergriene kop en in lange toefe, dy't by it wyfke koarter is en wat sleauwer liket. De boppedielen binne donkergriis, wylst it boarst ljochtgriis is en bleker wurdt nei de búk ta. As de fûgel fleant, falt fral de wite spegel op 'e wjuk op.

19e-iuwske tekening fan 'e fûgel.

De fûgel hat in lange, smelle, swarte snaffel en reade poaten. Alhoewol't wyfkes lytser binne en in koartere snaffel en toefe ha as jerken, binne beide allyk wat kleur oanbelanget. Folwoeksen einen binne 49 oant 56 sm grut. Jonge fûgels binne benammen swart mei in wite kiel en boarst.

Ofhinklik fan 'e beskikberens fan geskikt biotoop besette de Brazyljaanske seachbekken territoaria fan 8 oant 14 km lange iggen fan rivieren. Beamholtes, holtes tusken rotsen of net mear brûkte holtes dy't troch gurdlebisten makke binne, foarmje de ideäle plakken foar de seachbek om it nêst te bouwen. Se briede yn 'e winter fan it súdlik healrûn, as de reinfal minimaal is en de wetterstannen leech binne, alhoewol't der geografyske ferskillen binne. De seachbek leit ornaris trije oant seis aaien yn juny en july, dy't dêrnei yn july of augustus útkomme. De jongen fleane yn septimber oant oktober út. Allinne it wyfke briedt, mar beide âlders bringe de piken grut. Oannommen wurdt dat de folwoeksen fûgels it hiele jier troch yn it territoarium bliuwe.

It iten bestiet fral út fisk, weakdieren en ynsekten.

De fûgels libje yn bercheftige, min tagonklike gebieten mei skjinne rivieren mei streamfersnellingen en in soad begroeiïng. Se binne tige territoariaal en ferdigenje lange stikken fan 'e rivier en it oanlizzende lân. It binne stânfûgels, dy't harren gebiet sels net ferlitte as it biotoop ferneatige is. De seagbekken ha grutte territoaria nedich en it tempo fan biotoopferlies leit heech.

Brazyljaanske seachbekken binne tige gefoelich foar oantaasting fan it leefgebiet. In grutte bedriging is it tichtslykjen fan rivieren troch it útwreidzjen fan lânbouaktiviteiten, mynbou, degradaasje fan 'e streamgebieten, eroazje en it kappen fan bosk.

Brazyljaanske seachbek.

In nije bedriging foarmje de plannen foar de de bou fan wetterkrêftsintrales yn gebieten, dêr't de fûgel foarkomt (Paraná (rio Tibagi), Goiás (rio Paranã) en Tocantins (rio Novo)). It bouwen fan 'e daam fan 'e Urugua-í opslachmar tusken 1989 en 1991 feroaren de hurd streamende rivieren yn in grutte mar, en dêrmei kaam in soad geskikt biotoop ûnder wetter te stean dêr't de fûgel briede. Dêrfandinne ferdwûn ek in grut part fan 'e populaasje en yn Oerûguay en Argentynje is de fûgel yntusken hast mei wissens útstoarn.

Ek it ekotoerisme foarmet in bedriging foar de fûgel. Ek it sporttoerisme lykas rafting en kanofarren fersteurt it biotoop foar de fûgels. Foar de toeristen wurde boppedat fasiliteiten boud, dy't it wetter fersmoargje en werfoar't bosk kapt wurdt. Ek jacht op 'e fûgels om se te iten of te sammeljen droech by oan 'e efterútgong fan 'e Brazyljaanske seachbek.

Oare bedrigings binne predaasje, pestisiden en yntylt. De oantallen binne tige lyts en de kâns op útstjerren yn it wyld is grut. De IUCN klassifisearret de status fan 'e fûgel op 'e Reade list as krityk. Dat betsjut dat de fûgel op 'e râne fan útstjerren balansearret.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel is foar in grut part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar boarnen en oare ferwizings op en:Brazilian merganser