Brún blaujurkje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Brún Blaujurkje)
brún blaujurkje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje reachwjukflinters (Lycaenidae)
skaai brune blaujurkjes (Aricia)
soarte
Aricia agestis
Denis & Schiffermüller, 1775
IUCN-status: net bedrige

It brún blaujurkje (Aricia agestis) is in flintersoarte yn it skaai fan de brune blaujurkjes (Aricia).

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It brún blaujurkje fljocht as it waarm is. Se komme foar op greiden, heiden en yn de dunen. Somtiden kommen se yn grutte oantallen foar. Se komme it meast foar yn sintraal en súd Jeropa. Se komme fan seenivo oant wol ta 1.700 meter hichte foar. Fanwegen de opwaarming fan de Ierde kaam de soat yn 2012 yn it Feriene Keninkryk 79 kilometer noardliker foar as 20 jier dêrfoar. Ek yn oare parten fan Europa dogge se it goed.[1]

In fideo fan it brún blaujurkje.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as gefoelich, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wjuklingte is ûngefear 24 mm. Oft it no in wyfke of in mantsje is dreech om te sjen. Dochs hawwe wyfkes oan it út einde fan de wjukken in lyts bytsje blau. Foar de rest binne de flinter brún. Oan de binnenkant hawwe de wjukken op it útein giele streekjes en der wer nei wyt. Oan de bûtenkant fan de wjukken hat de flinter reade stipkes yn in bôchje mei ferskillende swarte plakken op de wjukken. De flinter hat gjin sturt.

Fljochtiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fljocht yn ferskillende generaasjes troch. Se fleane fan maaie oant oktober.

Rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De aaikes leit de flinter op de lytse geranium en op earrebarrebeksoarten. De rûp fret op de ûnderkant in oantal lagen fan it blêd of. Letter frette se it hiele blêd op. De rûp oerwinteret as healwaaks rûp yn 'e struisellaach op de grûn.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: