Brêgewachtershûs (Dokkum)
Appearance
It brêgewachtershûs is in monumintaal pân oan it Suderbolwurk yn Dokkum.
It neoklassisistyske pân op de hoeke fan de Keppelstrjitte en it Suderbolwurk yn Dokkum waard yn 1834 boud. Yn de foargevel sit in gevelstien mei it boujier, it wapen fan Dokkum en de letters SPQD. Dy letters betsjutte Senatus Populus Que Doccumensis ('Regear en folk fan Dokkum').
It lege pân mei skylddak hat twa hoekskoarstiens en twa dakkapellen mei frontons.[1] De wenning waard brûkt as brêgewachtershûs. It pân is in ryksmonumint.
Foar it brêgewachtershûs oer, op de oare hoeke fan de Keppelstrjitte en it Suderbolwurk, leit in oar monumintaal pân, it Kollumer Fearhûs.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|