Springe nei ynhâld

Brêge foar de fûgels

Ut Wikipedy
Brêge foar de fûgels
keunstwurk
Brêge foar de fûgels
Brêge foar de fûgels
bysûnderheden
jier1990
keunstnerIds Willemsma
materiaalstiel
hichte6 m
breedte25 m lang
plakDe Pein
lokaasjeKommisjewei

'Brêge foar de fûgels' is in keunstwurk yn De Pein dat makke waard troch keunstner Ids Willemsma.

Eartiids wie de brêge yn de Kommisjewei it sintrum fan it doarp. De ferfangende brêge wie sa beskieden dat it skaaimerk fan it sintrum net mear werkenber wie. Willemsma ûntwurp in nije boppebou lykas fan in ophelbrêge. Syn opbou stiet lykwols yn de rjochting fan it farwetter en dêrmei dwers op de rydrjochting. De opbou fan de brêge is 6 meter heech en 25 meter lang.

Mei de feestdagen yn desimber wurdt de brêge feestlik ferjochte.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: