Boudewyn fan Hollân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Boudewyn II fan Hollân)

Boudewyn fan Hollân (stoarn yn Mainz, 30 april 1196) wie biskop fan Utert fan 1178 oant 1196.

Boudewyn wie in soan fan greve Durk VI fan Hollân en Sophia fan Rheineck en in broer fan greve Otto fan Bentheim en greve Floaris III fan Hollân. Foar't er biskop fan Utert waard, wie Boudewyn neffens guon boarnen aartsbiskop fan Bremen en kapelaan fan Hindrik de Liuw. As biskop fan Utert koe it greefskip Hollân syn macht yn Utert fersterkje. Under syn regear stride er mei hartoch Otto I fan Gelre oer de Feluwe en Sallân en mei de boarchgreven fan Grins en Coevorden. De oarloggen yn it Oersticht, dêr't boppedat de biskoplike goeden om it hoartsje plondere waarden, diene in grut berop op de finânsjes fan it bisdom.

Boudewyn waard nei yn dea byset yn de Dom fan Utert.