Boskske Skoalle
De Boske Skoalle wie in tradisjonalistyske streaming yn de Nederlânske arsjitektuer, dy't basearre wie op getalsmjittige ferhâldingen en dy't fral tapast waard yn de katolike tsjerkebou. De streaming ûntstie út de Delftse Skoalle.
De namme fan dizze streaming is ûntliend oan de 3-jierrige kursus Tsjerklike Arsjitektuer dy't yn it tiidrek fan de Weropbou tusken 1946 en 1973 yn it Krûdhûs te De Bosk jûn waard. De oplieding moast arsjitekten begeliede by de tsjerklike weropbou. Dom Hans van der Laan, syn broer Nico van der Laan en C. Pouderoyen wiene de dosinten.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In wichtich skaaimerk fan de Boske Skoalle wie de sobere foarmjouwing fan de gebouwen. De ferhâldings waarden foaral troch it saneamde plastyske getal bepaald. Der waard gebrûk makke fan beton, bakstien en hout, dy't nammentlik de tradisjonele boumaterialen yn Nederlân binne, sa't moarmer dat yn Itaalje is.
De tsjerken binne faak trijebeukige basiliken, foarmjûn neffens betiid-kristlike tsjerken yn Itaalje. De tuorren dogge ek faak tinken oan de campaniles (klokketuorren) yn it noarden fan Itaalje. Yn de twadde helte fan de 20e iuw waarden sa in tal tsjerken, kleasters, wenten en stedhûzen yn Nederlân yn dizze styl delsetten. Troch it ôfnimmen fan de tsjerkegong wurde in oantal fan dizze gebouwen mei sloop bedrige.
De Boske Skoalle wie de lêste faze yn de Nederlânske tsjerklike arsjitektuertradysje. As der dêrnei noch katolike tsjerken boud waarden, hat men hieltyd faker keazen foar funksjonele arsjitektuer en net mear foar spesjalisearre arsjitekten.
Arsjitekten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Inkele arsjitekten fan de Boske Skoalle wiene:
- Dom Hans van der Laan
- Jan de Jong
- Nico van der Laan
- Evers en Sarlemijn
- Gerard Wijnen
- Fons Vermeulen
- Ruys en Bolder
- A.J.C. van Beurden
- C. Pouderoyen