Springe nei ynhâld

Bosch en Duin

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bosk en Dún)
Steatlik hûs yn Bosch en Duin

Bosch en Duin is in doarp yn de gemeente Seist, yn de provinsje Utert. It doarp sit fêst oan Huis ter Heide en hat 1.720 ynwenners (2021).

Om 1900 is Bosch en Duin yn trek rekke by rike keaplju út de stêd dy't hjir harren fakânsjehûs bouwe lieten. Fan dizze fakânsjehuzen steane noch in stik of wat hjir en dêr ferspraat ferspraat troch Bosch en Duin, de wenningen binne werom te kennen oan de klassike boustyl en de soad hout dat brûkt waard. Bosch en Duin hat in soad filla's mei grutte kavels.

Oan de Baarnsewei stiet it lângoed De Horst. It wenhûs is ûntwurpen troch arsjitekt Karel de Bazel. Willem Oltmans waard dêr opbrocht. De Horst is tsjintwurdich in Ryksmonumint.

De natuerkundige en Nobelpriiswinner Pieter Zeeman (1865-1943) liet yn 1904/1905 yn Bosch en Duin in simmerhûs bouwe, Filla Zonnehof. Yn de kelder fan dy filla die er in oantal proeven. By it hûndertjierrich bestean fan Filla Zonnehof waarden de skiednis fan Bosch en Duin en it libben fan Pieter Zeeman en syn húshâlding dêr wiidweidich fêstlein.
Yn Bosch en Duin waard sjef-kok Gerard Fagel (1946–1989) fermoarde. Komponist Harry Bannink en dokter Bob Smalhout (1927–2015) wiene ynwenners fan Bosch en Duin oant harren dea.

Seist
Doarpen:
AusterlitzBosch en DuinDen DolderHuis ter HeideSeist
· · Berjocht bewurkje