Bonrepasmûne
Bonrepasmûne | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Súd-Hollân | |
plak | Vlist | |
adres | Bonrepas 1 | |
koördinaten | 51°57' N 4°50' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | wipmûne | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 26,10 m | |
boujier | 1600 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 37864 [1] | |
Webside | ||
Side fan de Stifting De Schiedamse Molens | ||
Kaart | ||
De Bonrepasmûne is in wipmûne út likernôch it jier 1600 yn it Súd-Hollânske doarpke Vlist.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik waard de earste mûne om de polder Bonrepas en Noord-Zevender drûch te meallen op in oar plak oan 'e Vlist yn 1449 boud. Unbekend is hokker type dat west hat. Sûnt healwei de 16e iuw wurke de mûne net mear fanwegen in oerstreaming en om 1554 hinne waard in nije mûne súd fan it Kerkvliet boud. Om't dêr in ôfbyld fan bestiet, is it wis dat dy mûne ek in wipmûne west hat. Likernôch 50 jier letter moast wer in nije mûne boud wurde, oannommen wurdt dat dat de hjoeddeiske Bonrepasmûne wie.[2]
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mûne meallet mei help fan in skeprêd en hat in opfierhichte fan in meter. Yn 1973 is it grien farve boppehûs fan 'e mûne by in restauraasje hielendal fernijd. De piramidefoarmige ûnderbou is reiddutsen en wurdt bewenne. De mûne hat in flecht fan 26,10 meter en it hekwurk hat altiten Ald-Hollânsk west. De mûne is mealree.
Eigner fan de mûne is it wetterskip Hoogheemraadschap De Stichtse Rijnlanden. De mûne is allinne op ôfspraak te besjen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Mûnedatabase (hjoeddeiske mûne)
- (ned) Mûnedatabase (ynformaasje fan de twadde mûne)
- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|