Springe nei ynhâld

Tuorrebouten (famylje)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bollepyst)
tuorrebouten
Taksonomy
ryk: planten (Plantae)
(sûnder rang): draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk: lânplanten (Embryophyta)
boppestamme: faskulêre planten
   (Tracheophyta)
stamme: blêdplanten (Euphyllophyta)
(sûnder rang): ranke planten (Lignophyta)
boppeklasse: siedplanten (Spermatophyta)
klasse: bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
(sûnder rang): iensiedblêdigen
(sûnder rang): kommeliniden
skift: gerseftigen (Poales)
famylje: tuorrebouten (Typhaceae)
Jussieu, 1789
Fersprieding fan de fruchten troch de wyn

De tuorrebouten of bollepysten (wittenskiplike namme: Typhaceae) is in famylje fan iensiedlobbige planten. De famylje wurdt troch de measte systemen fan plantesystematyk erkend, en ek troch APG (1998) en APG II (2003).

It giet om in lytse famylje, fan sa'n dozyn soarten yn ien genus. De famylje bestiet út ien skaai: tuorrebout (Typha) mei yn Fryslân en Nederlân twa fertsjintwurdigers :

Fan rêstige wâlkanten ôf kinne dizze oerbliuwende sompeplanten oant 1,5 meter djipte groeie. Mei harren krêftige woartelstokken kinne se in tichte ouwerbegroeiing foarmje. De blommen steane ticht opinoar yn silinderfoarmige ieren, de boppeste ier mei manlike en de ûnderste mei froulike blommen.

Wrâldwiid bestiet de famylje út tolve soarten, dy't tige wiid ferspraat binne, fan tuskenbeiden klimaten oant en mei de tropen.

De tuorrebout wurdt ek wol bollepyst, dodde, doer, doer(e)bol, doerebout, dûzebout, dule, duorre(bout), hembol, lampepûster, moddersnyl, poddeduorre, poepekul, pompeduorre, (reid)sigaar, sigge, smooksigaar, stjonksigaar, stjonkstôk, stûzebol en stûzebout, such, sugge of tuollebout neamd.

List fan planten

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]