Boleyn Ground

Ut Wikipedy
Boleyn Ground (2006)

Boleyn Ground wie it stadion fan de profesjonele Ingelske fuotbalklub West Ham United, dat yn 1904 yn gebrûk nommen waard. Fanwegen de lokaasje, yn 'e wyk Upton Park, dat West Ham United hierde fan 'e gemeente, waard it stadion sels ek wol Upton Park neamd. Boleyn Ground koe sawat 36.000 minsken hâlde. Yn 2016 ferhuze West Ham United nei it Olympysk Stadion, dat se foar 99 jier yn pacht krigen hiene. Boleyn Ground waard sadwaande yn 2016-2017 ôfbrutsen.