Springe nei ynhâld

Bokking

Ut Wikipedy
Bokking
Kipper

Bokking, bokkem of bokken is gjin aparte fisksoarte, mar in bewurke rikke kulinêre fariëteit fan de hjerring.

Under de namme "bokking" wurdt rikke en sâlte hjerring oanbean. Yn it Ingelsk wurdt bokking ek wol bloater neamd, mar bloater is ek de namme foar de Coregonus hoyi of oar sorte houting dy't faak rikke ferkocht wurde (en iten). De term bokking wurdt allinnich brûkt foar de fariëteit makke fan hjerring.

By gebrek oan konservearingsmooglikheden wienen oant de ein fan de njoggentjinde iuw bokkingen yn trije soarten te krijen: leffe bokking, taaie bokking en hurde bokking. Leffe bokking wie mar koart rikke en inkele dagen hâldber; taaie bokking inkele wiken en hurde bokking inkele moannen. Benammen de hurde bokking waard mei miljoenen yn oantal eksportearre, benammen nei Dútslân.

Tsjintwwurdich wurdt ûnderskied makke tusken stoombokking (waarmrikke) en spekbokking (kâldrikke). Kipper is ek rikke hjerring, mar dan iepenklapt en waarm rikke. In fjirde fariant is bakbokking, in bakte hjerring.

Mindere populariteit

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bokking hat iuwenlang folksfiedsel nûmer ien west, goedkeap te krijen en lang hâldber. Door de ferleging fan de fleisprizen oan de ein fan de njoggentjinde iuw ferdwûn dizz posysje. Tsjintwurdich wurdt bokking noch wol yn it bûtenlân iten, mar begjint yn Nederlân in marzjinaal bestean te lieden. Kulinêr binne der in soad mooglikheden mei bokking.

  • De band Bukkes tankt syn namme oan it Spakenburchske wurd foar de bokking. Bukkes sjogt yn it Spakenburchsk dialect.