Boekelo (Ynskedee)
Boekelo | ||
Katolike Hillige Marcellinustsjerke (2013) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Ynskedee | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.670 (2023) [1] | |
Oerflak | 1,68 km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 12' NB, 6° 48' EL | |
Kaart | ||
- Net te betiizjen mei Boekelo (Haaksbergen), in buorskip yn de gemeente Haaksbergen.
Boekelo (Nedersaksysk Bokel) is in doarp yn Twinte yn de gemeente Ynskedee , provinsje Oerisel. Boekelo hat 2.670 ynwenners (2023).
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Twintske kûlisselânskip fan Boekelo lizze histoaryske bûtens, wêrûnder het Hof te Boekelo (in oarspronklike havezate út 1570), De Weele, Zonnebeek en 't Stroot.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It benammen agraryske doarp waard benammen bekend troch de sâltindustrie (sâltwinning), dy t sûnt 1918 súd fan it doarp fêstige wie. It doe populêre Bad Boekelo hie mei dêrom in sâltwettergolfbad. Troch de komst fan it Twintekanaal is it fabryk fan de Koninklijke Nederlandse Zoutindustrie ferpleatst nei Hengelo.
Ek de tekstylyndustry florearre yn Boekelo: De N.V. Boekelosche Stoomblekerij (yn 1888 oprjochte) waard yn 1965 oernommen troch Unilever. Op it âlde fabryksterrein is yn 2008 in nijbouplan realisearre (De Bleekerij) wêrby’t parten fan it yndustriële erfgoed lykas de âlde gevels fan de tekstylgebouwen en de fabryksskoarstien bewarre bleaun binne.
Sport en toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boekelo hat in jierliks ynternasjonale hynstesportevenemint De Military. De boskrike omjouwing fan it doarp lûkt fytsende rekreanten. De Museum Buurtspoorweg riedt sûnt 1970 mei restaurearre stoomlokomotiven en wagons tusken Boekelo nei Haaksbergen. Healwei dat trajekt leit de Stopplak Zoutindustrie njonken hotel Bad Boekelo dêr't fan 1934 oant 1985 it sâltwettergolfbad wie.
-
De skoarstien fan de eardere N.V. Boekelosche Stoomblekerij (2006)
-
Stasjon Boekelo, Museum Buurtspoorweg (2013)
-
Bûten "Zonnebeek" (2012)
-
Pleats "De Mans" (2012)
-
De Rutbeek by Boekelo (2007)
-
Military Boekelo (2013)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Ynskedee | ||
---|---|---|
Stêd: Ynskedee | ||
Doarpen: Boekelo • Glanerbrug • Lonneker • Usselo | ||
Buorskippen: Broekheurne • Goorseveld • Rutbeek • Twekkelo (foar in part) | ||
Wetter: Boekelerbeek • Broekheurnerbeek • Eschbeek • Glanerbeek • Kristalbad • Roombeek • Rutbeek • Teesinkbeek • Twintekanaal • Usselerstroom | ||
· · |