De B-52 Stratofortress is in Amerikaanske lange-ôfstâns swiere- bommesmiter (geskikt foar nukleêre - of konvinsjonele bommen), boud troch Boeing. It type is in oerbliuwsel út de Kâlde Kriich en waard foar it earst ynset yn de Fietnamoarloch. De B-52 spilet lykwols noch hieltyd in wichtige rol yn operaasjes fan de Amerikaanske loftmacht. De B-52 smiet 40% fan de bommen dy't by de Operaasje Desert Storm brûkt waarden.
Al goed 50 jier is de B-52 Stratofortress de rêchbonke fan de Amerikaanske loftmacht, en sadwaande ek har âldste operasjonele tastel. De B-52 kin in grut arsenaal fan ferskate soarten bommen meinimme. It tastel wurdt allegeduerigen modernisearre en sil fermoedlik oant 2030 tsjinjen bliuwe.