Bodø
Bodø | ||
Bodø | ||
Wapen | ||
Polityk | ||
Lân | Noarwegen | |
Provinsje | Nordland | |
Gemeente | Bodø | |
Sifers | ||
Oerflak | 920,69 km2 | |
dêrfan lân | 871,73 km2 | |
dêrfan wetter | 48,96 km2 | |
Ynwennertal | 52 803 (2022) | |
Befolkingstichtens | 40,28 inw./km | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
Offisjeel webstee | ||
Kaart | ||
Bodø is in stêd en gemeente yn de provinsje Nordland dêr't Bodø ek de haadstêd fan is. De stêd leit op 14° 23' easterlingte, 67° 17' noarderbreedte. Omdat se boppe de poalsirkel leit, kin men hjir fan 2 juny oant 10 july de Midnachtsinne bewûnderje. De poalnacht duorret fan 15 oant 29 desimber. Troch de ynfloed fan de Golfstream is it klimaat der frij myld: de trochsneed temperatuer is -2,2° yn jannewaris en 12,5° yn july.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bodø is in frij jonge stêd mar it plak hat in lange histoarje. Bodø krige yn 1816 stedsrjochten. Hja hie har bloei fan 1860 oant 1880 doe't grutte skoallen hjerring yn 'e omkriten foarkamen. Mei it ferdwinen fan de hjerring waard de stêd eins ek wei. Yn 1940 waard Bodø troch de Dútsers foar trijekwart yn pún sketten. Fan de 6000 ynwenners dy't de stêd doe telde, ferlearen 3500 minsken harren hûs. Sweden holp by de weropbou fan de stêd. De wyk, dy't no yn it sintrum fan Bodø leit, wurdt hjoed de dei dêrom noch de Sweedske stêd neamd. Yn novimber 2019 waarden der mei help fan boaiemradar fyftjin grutte grêfheuvels fûn en ek in folslein Fikingskip. Omdat noch gjin fjoerplakken oantroffen binne is ûnwis, oft der ek Noarmannen op it plak wenne hawwe.
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lofthaven fan 'e stêd leit 2 km westlik fan it sintrum, en hat ynlânske ferbiningen mei Oslo, Trondheim en Tromsø. De spoarferbining mei Trondheim bekend as de Nordlandsbanen en it stasjon fan Bodø waarden op 7 juny 1962 offisjeel troch kening Olav ynhuldige. Bodø wurdt eltse dei oandien troch de fearboaten fan de Hurtigruten (in mear as hûndert jier âlde Noarske passazjiers- en transporttsjinst). Dêrneist binne der fearboaten nei Røst, Værøy en Moskenes en snelboaten nei ferskate eilannen yn de omjouwing.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Stasjon fan Bodø
-
Nyholmen fyr (fjoertoer)
-
haven yn Bodø
-
Bodø fanôf it wetter
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|