Springe nei ynhâld

Bob de Lange

Ut Wikipedy
Bob de Lange (1971)
Bob de Lange yn Q & Q

Jacob Bernard (Bob) de Lange (Rotterdam, 27 oktober 1916 - Laren, 27 desimber 1978) wie in Nederlânsk akteur en regisseur.

De Lange syn karriêre begûn yn de jierre tritich. Yn 1939 hie er in rol yn de Nederlânske spylfilm Morgen Gaat 't Beter, fan Frederic Zelnik. Yn de jierre sântich waard er op letter jierren by it grutte publyk bekend fan syn rol as residint Van Oudijck yn de telefyzjerige De Stille Kracht en as Pake Quarles yn de telefyzjesearje Q & Q. Dêrfoar hie er lykwols al namme makke mei ferskate oare tf-rollen, ûnder oare as mr. Stroomkoning yn Karakter, Nix Onno Ratsmodee yn Kunt u mij de weg naar Hamelen vertellen, mijnheer?, notaris Boulot yn Villa des Roses en direkteur Boorman yn Lijmen. Earder wie er yn 't foarste plak toanielakteur. Yn 1961 waard him de Louis d'Or-peinje tagkend.

Nei syn rol yn De stille kracht spile De Lange yn in oare ferfilming fan in boek fan in Couperus: Van oude mensen, de dingen die voorbijgaan. De Lange syn lêste rollen wiene dy fan Dick Laan yn de film Pinkeltje (1978) en dirigint yn Erik of het klein insektenboek (1979).

Yn 1977 publisearre er syn oantinkens ûnder de titel Zo stil als de straten waren de mensen : autobiografische bespiegelingen.

De Lange stoar yn 'e âldens fan 62 jier oan de gefolgen fan in hertoanfal.[1] Hy waard beïerdige op de Algemene Begraafplaats oan de Laarderwei yn syn wenplak Eemnes. Op syn grêfstien steane dichtrigels fan Leo Vroman.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bob de Lange (62) overleden, Nieuwe Leidsche Courant, 28 desimber 1978.