Boarch Eppstein
Boarch Eppstein | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
regio | Hessen | |
lânkring | Main-Taunus-Kreis | |
plak | Eppstein | |
koördinaten | 50° 8' N 8° 23' E | |
Skiednis | ||
stiftingsjier | 10e iuw | |
boujier | 14e-15e iuw | |
hjoeddeiske steat | diels yntakt, diels ruïne | |
Oars | ||
type | hichteboarch | |
hjoeddeisk gebrûk | museum | |
monumintale status | Kulturdenkmal | |
Webside | ||
eppstein.de | ||
Kaart | ||
De Boarch Eppstein is in ruïne fan in hichteboarch boppe de Hessyske stêd Eppstein yn 'e Main-Taunus-Kreis, Dútslân. De boarch wie de residinsje fan de hearen Fan Eppstein.
Eigners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Argeologysk ûndersyk hat útwiisd dat it kastiel yn 'e 10 iuw stifte waard. De boarch tsjinne as ryksboarch om de grins te beweitsjen en waard yn 1122 foar it earst yn in oarkonde neamd. Al nei twa jier dêrnei skonk keizer Hindrik V de helte oan it aartsstift Mainz, dat wat letter ek de oare helte yn syn besit krige. Oan it begjin fan 'e 14e iuw ûntstie oan 'e foet fan 'e boarch in delsetting, de lettere stêd Eppstein.
Tsjin 'e ein fan 'e 12e iuw waard de boarch as lien oan 'e hearen fan Hainhausen oerdroegen. Dy neamden harrensels tenei, nei de nije wensit, hearen fan Eppstein en makken fan it kastiel it sintrum fan harren hearskip. Nei de dieling fan 'e Eppsteiners yn twa takken wie it kompleks sûnt 1433 yn it besit fan it skaai Eppstein-Münzenberg.
Al yn 1492 wiene de Eppsteiners fanwegen jildbrek twongen de westlike helte fan 'e boarch te ferkeapjen oan it Lângreefskip Hessen. Dy liet harren diel sloteftich om- en ferbouwe om it as bestjoerssintrum yn te rjochtsjen. Doe't mei't it ferstjerren fan Eberhard IV fan Eppstein-Königstein yn 1535 de lêste manlike fertsjintwurdiger fan 'e famylje ferstoar, foel de eastlike helte fan 'e boarch earst oan 'e greven fan Stolberg en yn 1581 oan Kar-Mainz ta, dy't fan dêr út it grutte tal besittings út it Eppsteiner erfskip bestjoerde.
Nei de grutte feroarings en de sekularisaasje fan 1803 yn Dútslân krige it Hartochdom Nassau it kastiel yn hannen. De Hessyske helte stie al sûnt 1776 leech en wie sadwaande útsloerd en net mear om yn te wenjen. Nassau liet it kompleks dêrom yn 1804 feile en de nije partikuliere besitter sloopte oant 1823 de gebouwen om de frijkommen stiennen as boumateriaal wer te brûken, mei útsûndering fan in gebou yn it easten, dat op dat stuit as katolike tsjerke brûkt waard.
De Eastenrykske frijhear Franz Maria fan Carnea-Steffaneo di Tapogliano fan Kronheim en Eppenstein kocht yn 1824 de ruïne oan, om't er by fersin himsels as in neikommer fan 'e hearen fan Eppstein seach. Franz Maria fan Carnea-Steffaneo ferstoar al yn 1825 en syn neiteam ferkocht de ruïne yn 1869 oan greve Otto fan Stolberg-Wernigerode. Dy syn soan, Christian-Ernst fan Stolberg-Wernigerode, liet de resten fan it kompleks ûnder lieding fan arsjitekt Franz Burkhard renovearje om it kompleks yn 1929 oan 'e stêd Eppstein te skinken.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeiske boarch datearret foar it measte út de 14e en 15e iuw. Karakteristyk is de rûne toer fan it kompleks. De ûnderbou is fjouwerhoekich en yn 'e toer binne flakke koepelferwulften bewarre bleaun. Fan 'e oarspronklik 33 meter hege toer is no 24 meter oerbleaun. Heech yn 'e toer binne noch twa yngongen te sjen, dy't mei de dakken fan 'e eastlik oangrinzgjende gebouwen en de souder fan it súdlik oansletten paleis ferbûn wiene.
Fan it paleis binne allinne wat resten fan 'e twa ûnderste ferdjippings bewarre bleaun. It hie fjouwer ferdjippings en datearret lykas de toer út de 14e iuw.
Better bewarre is de keuken, dy't eastlik op 'e toer oanslút. Fan 'e sûnt 1500 troch Kar-Mainz fuort oan 'e ringmuorre boude gebouwen, steane noch de bûtengevel en in diel fan 'e gevel nei de binnenhôf ta. Op 'e flier wie dêr oarspronklik de kemenate, it frouljusferbliuw.
It kastiel hat twa yngongen. De eastlike leit oer in brêge oer de grêft, wylst de haadpoarte yn it west oer in steil paad te berikken wie.
Fan 'e ferdigeningsmuorren binne resten oerbleaun. Fan 'e twa súdlike ferdigeningstuorren is ien bewarre bleaun, de saneamde "Bettelbub" (Biddelersjonge). De namme fan 'e toer is te tankjen om 't de kelder fan 'e toer brûkt waard as finzenis foar minsken dy't harren skulden net betellen.
It iennige noch folsein bewarre diel fan 'e boarch is yn it eastlike diel. It Mainzer Slot waard troch Kar-Mainz boud en hie sûnt 1765 ek noch in kapel. Oan it feit dat dat gebou noch oant 1903 brûkt waard is, is it te tankjen dat it gebou net lykas oare gebouwen as stiengroeve ôfbrutsen waard.
Gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1826 tsjinnet it bêste gebou fan 'e boarch as museum. Dêrnjonken wurde der tusken de ruïnes eveneminten holden, lykas bygelyks de Eppsteiner Burgfestspiele, dy't sûnt 1913 ienris yn 't jier holden wurde.
De troch in nij dak en finsters wer te brûken kemenade kin foar útstallings hierd wurde. De romte wurdt troch de stêden Eppstein en Kelkheim ek as troulokaasje brûkt.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Eppstein Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|