Springe nei ynhâld

Bluesskema's

Ut Wikipedy

Bluesskema's. De blues, in fan âlds swarte muzykstreaming ûntstien oan de ein fan de 19e, begjin 20e iuw, hat in typyske opbou.

Meastentiids folget in bluesmeldij it folgjende skema:

I    | IV   | I   | I   |
IV | IV | I | I |
V | IV | I | V |

De Romeinske sifers stelle de triemen fan de toanljedder foar. Yn C wurdt it skema dan:

C    | F   | C   | C   |
F | F | C | C |
G | F | C | G |

Yn de Rock and roll en sommige jazznûmers wurde fariaasjes op dit skema brûkt.

De bluestoanljedders binne 5 of 6-toanich en ôflaat fan pentatoanyske toanljedders, wêrfan de Sjineeske de bekendste is. Der binne twa bluestoanljedders, mineur (I-bIII-IV-bV-bVII) en majeur (I-II-bIII-III-V-VI). De mineurljedder wurdt it meast brûkt.

Bepalend foar de blues-klank binne de saneamde blue notes. Dat binne gliidzjende toanen dy't net yn westerske toanljedders foarkomme en makke wurde mei ynstruminten dy't in toan 'ferbûge' kinne, lykas gitaar, harp en saksofoan. Der binne 3 blue notes, yn de mineure bluestoanljedder: by bIII, bV en bVII.

Tolve maats blues

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tolve maats blues (Twelve bar blues) is in foar bluesnûmers typysk akkoarde-skema wêrby’t de nûmers opboud binne út ferzen fan tolve 4/4-maten.

In ienfâldich foarbyld dêrfan sjocht der sa út: (ien akkoard yn eltse maat mei "B" foar it basis akkoard, "S" foar subdominant akkoard en "D" foar it dominant akkoard.)

B    | B    | B    | B    |
S | S | B | B |
D | S | B | B |


Acht maats blues

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De acht maats blues (Eight bar blues) is in foar bluesnûmers typysk akkoarde-skema wêrby’t de nûmers opboud binne út ferzen fan acht 4/4-maten.

In ienfâldich foarbyld dêrfan sjocht der sa út: (ien akkoard foar eltse tel mei "B" foar it basis akkoard, "S" foar subdominant akkoard en "D" foar it dominant akkoard.)

B     B     S     S    |
B B B B |
S S S S |
B B B B |
B B B B |
S S S S |
B B D D |
B B B B |

(Boppesteand skema wurdt ek wol sechtjin maats blues neamd wêrby't elk teken stiet foar in heale toan yn in 2/2- of 4/4-maat. De blues hie fanâlds gjin bân mei notaasjes, dus doe't dêr mei begûn waard ynterpretearre de iene in nûmer wol ris wat oars as in oar.)

Ek yn boppsesteand skema wurdt yn de lêste maat it dominant akkoard brûkt en is dêrmei in oergongsakkoard nei in folgjend fers of bygelyks in ynstrumintale solo.