Springe nei ynhâld

Blues

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bluesmuzyk)
Ma Rainey (1886-1939) krige de bynamme "Mem fan de blues".
Taj Mahal Blues Trio

Blues is in fokale en ynstrumintale muzykfoarm dy't ûntwikkele is út de Afrikaansk Amearikaanske work song's. Blues hat in grutte ynfloed hân op lettere populêre muzyk, sawol yn Amearika as dêr bûten. De ynfloed fan Blues is werom te finen yn jazz, rhythm and blues, rock and roll likegoed as yn de konvinsjonele popmuzyk en sels yn moderne klassike muzyk.

De betide plattelâns blues ûntstie oan 'e ein fan 19e, begjin 20e iuw yn de súdlike steaten fan de Feriene Steaten. Der waarden ienfâldige ynstruminten brûkt, benammen de akoestyske gitaar, piano en de mûlharp. De lieten hiene in grut ferskaat oan struktuer en skema's, mar de 12-maats en 8-maats blues oerhearsken.

W.C. Handy wie ien fan de earste muzikanten mei in knappe muzykoplieding, dy't de bluesmeldijen yn in moderne styl oanbea oan bands en sjongers. Hy soe ferskate bluesstikken skriuwe wêrfan The Saint Louis Blues faaks de bekendste is.

Tekstueel wiene de earste blues nûmers tige simpel fan opbou: Ien sin dy't twa as trije kear werhelle wurde. Underwerpen wiene faaks de misêre fan it libben, mar wol meast mei in kwinkslach en de nedige (sels)spot.

Rebecca, Rebecca, get your big legs off of me,
Rebecca, Rebecca, get your big legs off of me,
It may be sending you baby, but it's worrying the hell out of me.

Fan 1917 ôf begjinne ek jazzbands bluesstikken op te nimmen. De blues út de 20-er jierren soe it leitmotyf foar de Amearikaanske populêre muzyk wurde. Yn dy tiid waarden in soad opnames makke troch sjongers as Blind Lemon Jefferson, Blind Blake en Robert en Lonnie Johnson. Ek froulike bluesartysten wiene yn dy tiid tige populêr, under harren Mamie Smith, Gertrude "Ma" Rainey, Bessie Smith, en Victoria Spivey.

Yn de 40-er en 50-er jierren naam mei de urbanisaasje, ek it brûken elektroanysk fersterke muzykynstruminten ta. Benammen yn stêden as Chicago wie de blues populêr mei as bekende artysten Howling Wolf en Muddy Waters. De elektroanyske blues soe úteinlik rock and roll opleverje.

Yn de jierren 60 en 70 wiene it artysten as Eric Clapton, Janis Joplin, Eric Burdon en Jimi Hendrix dy't sterk beynfloede waarden troch sawol de betide as elektroanyske, Chicago blues.

De film The Blues Brothers makke yn de 80-er jierren dat blues ek by in grut, jong publyk bekend waard.

Yn Nederlân wie it de Drint Harry Muskee dy't mei syn band ûnder de namme Cuby&Blizzards yn it clubsirkwy oan it begjin fan de santiger jierren furoare makke. Ek yn de muzyk fan âld-Blizzard Herman Brood wiene de blueswoartels faak noch goed te hearren.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Smokestack Lightin' Internet Bluesradio
It jier fan de Blues