Bloedbad fan Moiwana
It Bloedbad fan Moiwana wie de moarderij op 29 novimber 1986 yn it East-Surinaamske marrondoarp Moiwana troch it Nasjonaal Leger fan Suriname.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troepen fan Bouterse hiene ynformaasje dat rebellelieder Ronnie Brunswijk yn it doarpke wie. Mar doe 't de militêren Brunswyk net fine koene en gjinien fan de doarpelingen fertelle koe of woe wêr't er wie, skeaten de militêren mear as fjouwer oeren lang, teminsten 39 ûnskuldige doarpelingen benammen froulju en bern, dea. Ek waarden in soad huzen yn it doarp (ek dat fan Brunswyk) yn brân stutsen.
Dit barren markearret it djiptepunt fan de Binnenlânske Oarloch yn Suriname tusken it Nasjonale Leger laat fan fan Desi Bouterse en it Junglekommando ûnder lieding fan Ronnie Brunswijk. Noch net earder wiene safolle ûnskuldige boargerslachtoffers yn dy oarloch fallen. Daliks nei dit drama ûntstie der in enoarme stream flechtlingen. De measte minsken (likernôch 5000) flechten nei it Frânsk-Guyana, dêr't troch de Frânske autoriteiten ferskate kampen foar harren ynrjochte waarden. Sy krigen lykwols gjin flechtlingestatus en mochten dêrom net wurkje of ûnderwiis folgje, mei as gefolch dat in hiele generaasje skoalbern harren skoaltiid oerslein hat. Earst begjin jierren 90 kaam in foarsichtige repatriëring op gong.
De saak waard troch plysje-ynspekteur Herman Gooding ûndersocht; hy hie trije fertochten op it each. Hy waard op 5 augustus 1990 lykwols deasketten. Koart nei syn dea waard it ûndersyk stopset. [1]
Oant 2005 waard de saak net mear fan de oerheid oppakt. It minskerjochteburo "Moiwana '86" hat ûnder lieding fan direkteur Stanley Rensch jierrenlang fochten foar erkenning fan wat sy in misdied neamden. Op 15 augustus 2005 waard bekend dat it Ynter-Amerikaanske Hof foar de Minskerjochten it regear fan Suriname de massamoard oanbelangjend feroardiele hat. It regear moat neibesteanden fan de slachtoffers in fergoeding útkeare; moat smertejild en skeafergoeding útkeare oan de oerlibjenden; moat de dieders ferfolgje; en moat fûnsen ta foldwaan jaan foar de ûntwikkeling fan it doarp. It regear fan Suriname waard ek feroardiele de kosten fan it proses te beteljen.
Op 15 july 2006 bea presidint fan Suriname Ronald Venetiaan út namme fan de steat syn ekskuzes oan foar it barren. De neibesteanden woene lykwols mear as ekskuzes; sy woene dat de skuldigen ferfolge waarden. Op 29 novimber 2007 waard it Moiwana-monumint oanbean troch it folk fan Suriname. De dieders binne net ferfolge (2023).
Yn 2023 die it Ynter-Amerikaanske Hof foar de Rjochten fan de Minsk in oprop om in ferklearring ôf te lizzen mei it doel om de dieders te finen en te feroardieljen. [2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|