Blaudruk
In blaudruk of blauprint[1] is in direkte fotografyske kopy fan in technyske tekening of in boutekening, wêrfoar't in kontaktdrukproses op ljochtgefoelich papier brûkt wurdt, dat yn 1842 útfûn waard troch de Ingelsman sir John Herschel. Dêrby wurde troch syanotypy wite linen op in blauwe eftergrûn printe, sadat in negatyf fan it orizjineel ûntstiet. De eftergrûn kleuret blau troch it gebrûk fan syanidesâlten. Mei it blaudrukproses is it net mooglik om swart, griis of oare kleuren as blau te produsearjen. Yn 'e njoggentjinde iuw wie dit proses in revolúsjonêre druktechnyk, dy't foar it earst de flugge en sekuere reproduksje mooglik makke fan in ûnbeheind tal kopyen. Blaudrukken waarden mear as in iuw lang rûnom brûkt yn 'e bou (ynkl. skipsbou) en de yndustry.
Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw waard it ek mooglik om boutekenings op in wite eftergrûn te kopiëarjen, mar dat wie yn it begjin noch in stik djoerder as it meitsjen fan blaudrukken. Tsjin 'e iere 1940-er jierren feroare dat lykwols en begûn men stadichoan oer te stappen op saneamde wytdrukken, dy't makke waarden mei in diazodrukproses dat blauwe linen op in wite eftergrûn produsearre. Om 1975 hinne waarden sokke wytdrukken wer ferfongen troch boutekenings mei 'gewoan' swarte linen op in wite eftergrûn, dy't makke waarden mei hjoeddeistige fotokopiëartechniken. Tsjintwurdich printet men sokke boutekenings wol streekrjocht út mei in grutte printer, of hâldt men se inkeld yn digitale foarm, mei't sokke tekenings no op 'e kompjûter makke wurde mei gebrûk fan CAD-software.
Hoewol't blaudrukken hjoed oan 'e dei folslein efterhelle binne, is de term yn gebrûk bleaun (mar net yn 'e bousektor) as synonym foar "boutekenings". Minder formeel sprekt men ek wol fan "blaudruk" as men lykfol hokker plattegrûn bedoeld.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|