Springe nei ynhâld

Stalt

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bjinstap)
Bjinstap yn Terherne troch Arthur Marshall

In stalt of bjinstap is in plak oan de wâl om eat skjin te meitsjen yn it wetter fan in feart as sleat.

Yn de 19e iuw wurde stalten benammen brûkt om de wask te spielen. Yn drûge simmers, at de reinwetterput drûchfoel waard it ek wol brûkt om drinkwetter te heljen. Yn dy tiid wienen der noch gjin moderne toiletten, as de húsketûne fol wie waard dy lege yn de sleat efter hûs en dan noch efkes neispield by it stalt. Ein 19e iuw waarden de húsketûntsjes mei hynder en wein ophelle oant ein jierren sechtich fan de tweintichste iuw. It stalt makke diel út fan it deistich libben. De ruften waarden der útspield krektas de dweil en amers. Fierders ek klompen, learzen en ark. Alles wat smoarch wie gie mei nei it stalt. Fierders waard it brûkt om te fiskjen en te swimmen.